Jo binne hjir

Brûkersaccount

Primary tabs

Skûtsjepool

Doch mei oan de skûtsjepool en meitsje kâns op in Simmer yn Fryslân luchtbêd of rescueboatekspedysje op it Waad mei nei ôfrin in diner.

  • Alle dagen kinne jo de nûmers 1, 2 en 3 fan de wedstriid foarsizze, en dêrmei in luchtbêd winne fan Simmer yn Fryslân. Folje alle dagen de pool yn, helje alle dagen punten en win as bêste foarsizzer in rescueboatekspedysje op it Waad mei nei ôfrin in diner.
  • Foarsis foar alle dagen de nûmers 1, 2 en 3 fan de wedstriid fan de dei. Ynfolje kin allinnich fia de site, oant de start fan de wedstriid.
  • Hawwe jo de winner goed foarsein, dan krije jo 4 punten. De nûmer 2 is goed foar 2 punten, de nûmer 3 foar 1 punt. Foar elke goeie foarsizzing yn de top trije krije jo ek 1 punt. Dejinge mei de measte punten wint de deipriis (in luchtbêd). By in gelikense einstân wint dejinge dy't de foarsizzing it earst ynstjoerde. Wy hâlde de offisjele útslach fan de SKS/IFKS oan, dus nei ferwurking fan mooglike protesten.
  • As de wedstriid net trochgiet, kinne jo gjin punten fertsjinje en is der dus ek gjin deiwinner.

Hasto al in account dan kinst ynlogge mei dyn e-mail en wachtwurd